Strjitkeatsen mei pizza 17 septimber

0
368

K.F. De Twa Doarpen organisearret: Strjitkeatsen mei pizza

Wannear: Sneon 17 septimber
Wêr: Op de Sylroede
Hoe let: Start is om 14.00 oere
Foar wa: Foar leden die’t op 1 january 2022 14 jier as álder wie!
Ynlis: € 12,- (dit is ynklusief in pizza!)

  • Opjaan kin oan’t en mei tongersdei 15 septimber 20.00 oere by ien fan’t bestjoer as fia de app!
  • By opjêfte ek trochjaan welke pizza jo ite wolle!
  • Net keatse mar wol in pizza ite? Dat kin fansels ek!
  • We keatse mei in sêfte bal, dus in keatswant is net nedich!
  • De lotting fynt plak op de ledegearkomste op freedtejûn!

Wy hoopje op in soad dielname en in gesellige middei!
De partij wurdt stipe troch: Tre paesi

Jo kinne kieze út de folgjende soarten pizza’s:
1. Pizza Margherita (tomaat, kaas, oregano)
2. Pizza Salami (tomaat, kaas, salami)
3. Pizza Hawaï (tomaat, kaas, ham, ananas)
4. Pizza Shoarma (tomaat, kaas, uien, tomatensaus, shoarma)

*meidwaan is foar eigen risiko!

Mei sportieve groetnis,

Bestjoer K.F. De Twa Doarpen
Auke Walsma, Femke Boonstra, Thomas Huitema, Michiel de  Jong, Hidde Lemstra, Jan Hessel de Groot, Hotske Burghgraef en Ype Bote Bonnema.

LAAT EEN REACTIE ACHTER