Nachtkeatsen en volleyballen sneon 3 septimber

0
525

It nachtkeatsen en it volleyballen fûnen ûnder ideaale omstannichheden plak. Der stiene 12 partoer op de list en dy gongen om 8 oere los. It volleyballen gie om 9 oere uitein ûnder lieding fan Klaas Boersma. Der waard eltse kear yn ferskillende gearstallingen fan 3 tsjin 3 spiele. Nei 6 potsjes waarden de punten byelkoar opteld en dêr kaam Sietske Van der Meulen as winner út de bus. Twadde waard Bauke Jan Feenstra en 3’e waard Sjoerd B. Bouma. Sietske krieg de krânse omhongen en in se  krieg in kadobon  dy’t ek de 2’e en de 3’e priiswinners krigen.

Tiidens it keatsen en it volleyballen fersoarge Heeres foar de hearlike broadsjes hamburgers.  Ek hiene we oer de hiele jûn lekkere hapke’s dy’t we krigen ha fan wynpark Beabuorren. Sy hiene dy dei’s in 25-jierrich jubileum feestje. Tige tank hjir foar.

Yn de finale fan de ferliesersrûnde fan it keatsen stiene Auke Walsma, Wieberen de Jong en Larissa Swart tsjin Sven Bijlsma, Hinke Boume en Femke Boonstra. Dit wie in hiele spannende partij mei alles oan de hang. De winst gong nei Sven en syn maten.

Yn de winaarsrûnde stiene Klaas Sjoerd Koopmans, Lucas Bijlsma en Hessel Tiesma yn’e finale tsjin Rein Bakker, Thomas Huitema en Willem Schakel. De krânsen gongen dit keer nei Klaas Sjoerd Koopmans, Lucas Bijlsma en Hessel Tiesma. Sy wûnen mei 5-4 (6-4). Nei de priisútriking wie der noch in hiele gesellige neisit.

We wolle de stipers Ecohûs Fryslân betankje, De Waard en Syperda foar de ljochten en alle frywilligers, ek de dames Tiesma en Folkertsma foar it útdielen fan de hearlike hapke’s.

Utslach volleybalen:
1. Sietske Van der Meulen
2. Bauke Jan Feenstra
3. Sjoerd B. Bouma

Utslach winnersrûnde:
1. Klaas Sjoerd Koopmans, Lucas Bijlsma en Hessel Tiesma
2. Rein Bakker, Thomas Huitema en Willem Schakel
3. Jelle Brandsma, Johan Ouderkerken en Djurre Zijsling

Utslach ferliesersrûnde:
1. Sven Bijlsma, Hinke Bouma en Femke Boonstra
2. Auke Walsma, Wiebren de Jong en Larissa Swart

De lêste keatspartij fan dit seizoen is op sneon 17 septimber op de Sylroede. Wy hoopje jimme dan allegear wer te sjen.

In sportive groet,

K.F. De Twa Doarpen

LAAT EEN REACTIE ACHTER