Sytske de Jong

0
1172
Jong de S.1

It is moandei 6 desimber as Trudy Witteveen en ik by frou Sytske de Jong fan de Waltawei op besite binne. Wyld waait de wyn om hûs en hear en út en troch slacht it reinwetter tsjin de ruten. It is klearebare hjerstwaar. De winter liket noch fier fuort. Yn ‘e keamer by Sytske de Jong baarnt de kachel dat it is dêr noflik waarm. Sytske is fan oktober 1907 en hja is dêrmei de aldste ynwenster fan Tsjerkwert. Reden foar de redaksje om oan ‘e ein fan dit bysûndere jier 1999 mei har werom te sjen op ‘ e ôfrûne ieu.

kerkstraat (4)
De kinderen van Germen de Jong, in ± 1908. De oudste was Yeb. In het midden Roelof en dan Sytske.

Millenniumgekte
Elkenien hat hjoeddedei de mûle suver fol fan de ieuwiksel dy’t der oan stiet te kommen. Ynjûn troch de kompjûtereangst hat de millenniumgekte fierder om him hinne slein, mar Sytske de jong fynt it mar in drokte om ‘ e nocht: “Ik fyn it mar hiel gewoan hear. Se binne tsjintwurdich net wiis.”

Sytske hat wol foar hitere fjoeren stien en se kin it witte ek. Mei har 92 jier hat se al in hiel libben achter har en hat se de iene feroaring nei de oare meimakke. In protte hat se yn de rin fan de jierren ek bewarre. Wêrom? Se laket om dy fraach: ”Och it is gewoan leuk. Se fine hjir wol wat as ik der net mear bin.” Sa leit bygelyks it earste nûmer fan ús doarpskrante op ‘e tafel. In namme hat it dan noch net. In grut fraachteken siert de omslach.

Bakkerij
Sytske waard yn ‘e buorren berne, yn ‘e bakkerij fan Germ de Jong en syn frou Doutzen. Se wie de jongste fan trije bern. Earst wie it net Germs doel om hjir bakker te wurden. Yn 1898 wie de ferkearing útrekke en sette de bakkersfeint fan doe nei it fiere Amearika ta om dêr syn lok te sykjen. Fan klearebare ûnwennigens wie er binnen in jier werom yn Tsjerkwert. Op âld iis friest it fûl, seit men wol. De ferkearing kaam wer oan en Germ troude mei syn Doutzen en hja krigen dus trije bern.

kerkstraat (3)
Fam. Gerben de Jong voor de bakkerij in de Kerkstraat. F.Rusticus,Gerben de Jong, dochter Sytske de Jong, Doutzen de Jong-Rusticus.

It doarp wie doe noch ryk segene mei tal fan winkeltjes. “Dêr koe men doe net sûnder no.” Yn de winkeltsjes moeten de lju elkoar en dêr wie tiid foar in praatsje. En foar de minsken bûtenút betsjutten de winkellju in protte. Sa hie Sytske har heit in bolkoerrinder yn tsjinst: Siemen Sijtsma dy’t der mei de hânkarre op út trok, de buorren troch, de Waltawei del en by de pleatsen lâns. Mar ek bolkoerrinsters wiene der as it drok wie. Dat wiene bygelyks widdofrouwen dy’t wol in pear sinten brûke koenen. Foaral mei de Sinteklazetiid en de Krystdagen. Oare winkellju hienen in hynder en wein of in bakfyts. Trudy wit te fertellen dat al dy lytse winkellju fanút de grutte stêd Boalsert befoarriede waarden.

Sytske fertelt fierder oer de bakkersoven dy’t noch mei takkebosken stookt waard. Dy bosken waarden boppe op ‘e souder opslein. En de turven dy’t de turfskipper brocht hie, sieten yn’t turfhok. Dy turfskipper lei meastentiids oan ‘e Kade, mar ek oan ‘e ein fan de Waltawei lei in turfskip, dat fan Alt en Hiltsje de Vries. Yn de bakkerij waard fan alles makke. Dêr kin de hjoeddeiske skaalfergrutting noch in puntsje oan sûgje. Bakkerijen ha no de grutske muoite om de holle boppe wetter te hâlden en wurde samar oernommen. Gjin wûnder dat Germ, de lêste bakker dy’t al nei Boalsert ferfard wie op ’t lêst sei: “Ik hâld der mei op. Ik wol net fergees foar de supermarkten wurkje.” Mar in inkele bakkerij kin it mei har spesjalisme no noch rêde: de Molkwarder koeke of de pipernuten fan Modderman fan Rotsterhaule bygelyks. De Jong koe lykwols alles: fan pipernuten en taai oant koeken en roggebrea, fan poffen en kuch (tarwebôle) oant krintebôlen en krystkrânsen ta. Ek bakken (beskuten) waarden yn eigen bakkerij makke. Fan moarns ier oant jûns let wie men yn’t spier. “Fan freed op sneon kaam heit net iens op bêd fan al dy drokte. Dan krûpte ik lekker by mem yn’e bedstee Letter, doe’t se grutter wie, moast Sytske helpe yn ‘e winkel. En as se pipernuten weage mocht, dan ferdwûn der wol gauris ien by har yn ‘e mûle. Se kin der no wol om laitsje: “Dat wie ommers ús snobjen.

Skoalle
Sytske hat de kristlike skoalle oan ‘e Waltawei besocht. “Dy bestie doe noch út twa lokalen. Dy wiene heech, mei wat platen oan ‘e muorre, mei hege ruten en op ‘e ûnderste ruten siet in laach matglês, sadat wy net nei bûten sjen koene. De ‘hoofdmeester’ wie Quarree en de ‘ondermeester’ Osinga. Letter is de noch in klasse achter boud. Dêr kaam juffer Stap yn mei de jongste bern.”It wie noch yn de tiid fan rigen banken yn ‘e klasse, mei in grutte swarte kachel dy’t achter yn it lokaal stie te brullen, fan in klompekast op ‘e gong, wylst der skreaun waard mei in griffel op in laai. In doaske mei in spûns hearde steefêst ta de attributen fan de jongste skoalbern. De âlderen hienen in inktpotsje yn ‘e bank. Oft it ek streng wie? “Dat foel wol wat ta. Ik moast gewoan gûle doe’t ik fan skoalle moast. Sa hie ik it nei ’t sin. Mar bern dy’t ûndogens wiene bedarren yn ’t koalehok.” Nee, Sytske hat dêr nea yn sitten. It griist har ek oan. Bûten boartsjen barde gewoan op ‘e dyk. It ferkear op ‘e Waltawei stelde noch neat foar. It heucht har noch dat de earste auto hjir kaam. Dokter Beekhuis fan Boalsert hie de koets mei hynder ferwiksele foar in echte ‘automobiel mei sjauffeur’. “Dêr hiene wy doe fansels wol niget oan. Hy hie in fêste rûte troch de doarpen. Do koest de klok der op gelyk sette.”

Jong de S
Sytske de Jong.

It oare ferfier bestie út hynder en weinen, wylst op de Trekfeart de skûtsjes delkamen, it frachtskip út Dedzjum dat bakkerijguod út Ljouwert meinaam of de beide steamboaten dy’t op Boalsert farden. “Dat wiene de wite en de swarte. De wite hie in namme “Johanna Jacoba”. Dy kaam fan Warkum. De swarte wie fan Van Dyk en dy kaam út Makkum. It wie gewoan in feest as ik mei mem ris mei mocht mei de boat nei Boalsert ta. Mei moai waar koest op it dek sitte. As it min wie, wie der plak yn ‘ e kajút.”

Ferpleechster
Nei de legere skoalle woe Sytske wol ferpleechster wurde. Hoewol’t se as bern gjin bloed sjen koe en der dan samar hinne siigde, like dit berop har dochs moai ta. Dat op in dei gong se mei mem nei it Diakonessensikenhûs yn Ljouwert. “Ik nei in suster dy’t op ’t lêst meidielde dat de dokter my noch ûndersykje moast.

NR 210 SS de jong
‘Master’ Siebe Sipke’s de Jong.

Mar dy man hat my ôfkeurd! Hy fûn dat ik net sterk genôch wie.” Hy moast ris witten ha dat Sytske no by de âldere Nederlanners heart. Letter soe se dochs noch har fak útoefenje. Dat siet sa. In neef fan har, Sibe Sipke de Jong, hie in tumor yn ‘e rêch en dat doarden se yn Grins net te operearjen. Jierren hat er dêr lein. Troch in útfanhuzerij yn Tsjerkwert is er dêr bleaun en doe hat Sytske de fersoarging alhiel op har nommen, 22 jier lang, earst mei help fan in wykferpleechster. Se neamden him ek wol master Sibe, om’t er fan syn bêd ôf akkordeonles, Fryske en Ingelske les joech. Boppedat spande er him tige yn foar Esperanto, de wrâldtaal dy’t him oan kontakten holp oer de hiele wrâld. Wat hie E-mail wat foar dizze man west, tinkt men dan wol ris. Doe gie alles noch troch de hannen fan de pleatslike postrinder Wieger de Jong. It postkantoar stie in pear huzen fierderop op nûmer 7. Om’t it postrinnen gjin folsleine baan wie die de kantoarhâlder der skuonmeitsjen neist.

De grutte brân
In brân is in barren dat yn ’t ûnthâld fan in bern skerp bybleaut. Yn 1911 baarnde de timmersaak fan Rienk Posthumus folslein ôf. Ek de Iepenbiere Skoalle moat neffens Sytske slim rekke wêze troch oerslaand fjoer en yn ‘e buorren wie elkenien bang dat it fierder oerslaan soe. De ienfâldige brânwar kaam yn dy tiid noch mei hynder (de kêde fan Tjitte Wijngaarden dy’t mei de potkarre ried) en wein en it slagge de mannen om de brân master te wurden. Sytske wit noch dat it betiid op ‘e moarn wie en dat se út eangst foar oerslaan fan flammen fan bêd ôf moasten. It makke oa sa’n yndruk.“Foarhinne wennen hjir op ‘e Syl (no Waltawei) twa slachters. Dêr’t Jan Witteveen no wennet dat wie in herberch De Vlijt en weinmakkerij. De famylje Zwaagstra hie in autobus dêr’t se mei nei Boalsert rieden. De Harmonie wie ek in herberch mei boppeseal en krudenierswinkel. Der hat ek in tiid west dat der twa bakkers wennen. Hjir neist my yn’t hûs fan de dames Bakker hat ek noch in tiid lang in bakker Damsma wenne.”

Waltawei (23)
Sytske en Siebe.

Desimberfeesten

kerkstraat (5)
Sytske en Yeb de Jong.

Yn dizze desimbermoanne mei al syn feesten is it aardich en sjoch hast in ieu werom yn de tiid. It Sinteklaasfeest betsjutte yn de bakkerij ekstra wurk. In taaiplanke oan ‘e muorre docht tinken oan de tiid dat de heit fan Sytske noch folop yn’t spier wie om taaimannen en –frouwen te bakken. “Ja…” , fertelt se mei in bliere laits op har gesicht, “dan waarden de jongfeinten ferrast mei sa’n grut wiif fan taai!” Mar fierder wie it in feest fan bang meitsjen. “Se makken je froeger allinne mar bang mei dy Sinteklaas. Wy wisten ek net iens hoe’t er der út seach. Op fiif desimber setten wy op by de kachel en de oare moarns betiid mochten wy sykje. Earder hong ik wol ris in sokke oan de skoarstienmantel, mar dy bleau fansels leech. Mei in keatling waard wol op’e doar rattele. Dat wie om ús bang te meitsjen. Dan fleach ik de bakkerij yn. Heit sei dan: Jan fan de verver hat it dien. Wês mar net bang. Nee, wy hiene net in byld fan dy Sinteklaas. En Swarte Pyt bestie alhiel net yn ús tiid. Dy is der letter pas by betocht.

Ek de krystdagen wiene foar de bakker wer drokke tiden. Op skoalle barde eins neat gjin bysûnders. Gjin fersieringen meitsje, gjin krystbeam of in kearske oanstekke. Nee, der kaam in plaat oan ‘e muorre en dêr fertelde de master it ferhaal by. “Yn myn bernejierren stie yn gjin ien hûs in krystbeam mei kearskes. Yn in grutte stêd as Ljouwert wie dat doe al wat begûn. En as bern fierden wy ek gjin Krystfeest yn tsjerke. Dat barde yn skoalle, sûnder krystbeam, mar wol mei in beker sûkelademolke en nei ôfrin in synappel om mei nei hûs te nimmen. Letter mocht ik sels helpe mei sûkelademolke ynskinken. Dat wie wol moai”. Alle glitter en ljochtsjeboel fan dizze tiid wie doe noch ‘uit den boze’ en waard earder sjoen as heidenske gewoanten. It duorre noch hiel wat jierren ear’t de krystbeam yn tsjerken gemienguod wurden wie. Faaks dat wy dêr in oare kear noch ris op yn gean sille.

Ta beslút de jierwiksel. Dat wie foar it bakkersgesin in kwestje fan foar tolven gau op bêd, want men wie wurch fan alle drokten. Logysk dat dy minsken harren op âldjiersjûn net noch ris drok meitsje woenen. Yn it nachtlik tsjuster waard noch wol by harren op ‘e ruten kloppe en der klonken stemmen dy’t in lokkich nijjier tawinsken, mar yn it hûs fan de bakker bleau it tsjuster en stil. Nettsjinsteande de ellende dy’t winters mei harren meibrochten, wie in winter mei snie en iis fansels ek doe ien grut feest foar de bern. “ Mar it hat ek ris sa fûl ferzen dat de hiele bakkerij ûnder it iis siet. Der koe al gau riden wurde hjir achter op ’t Leech. Dat stie dan ûnder wetter. En ek op ‘ Sylroede setten wy dan op redens nei de mole ta. Dy Sylroede kaam fan Blauhûs troch de lannen en hjir achter de huzen lâns rûn de achterhûsfeart. De Sylroede kaam by Bert Miedema ûnder in brechje troch op it grutte wetter út. Yn dy tiid lei in houten brêge oer de Waltawei. Mar dat hjitte op dit ein doe ek Sylroede. As’t op redens hjir ûnder troch woest dan moast altiten goed oppasse, want der wie faak mei sân op ‘e brêge struid en dat koe ek op it iis komme en dêr koest aaklich troch falle. Op ‘e Trekfeart wie it noait moai riden. De skippen holden it sa lang mooglik iepen. Dêrtroch siet it fol skossen. Bern kamen dêr wol op, mar dat wie fol gefaar. Allinne by it Trekpaad lâns wie in baan dy’t te beriden wie as it iis sterk wie.” Yn dy jierren waard dan ek wol in Alvestêdentocht holden. Benammen dy fan 1963 stiet Sytske noch goed foar eagen, om’t it doe sok ferskriklik min waar wie. Kjeld, hurde wyn en in bulte snie dat jin yn it gesicht snijde. Brrrrr.

Ta beslút
In moai skoft ha wy geniete fan Sytske har oantinkens. It wie in oare tiid dêr’t se oer fertelde en as de skille yn ‘e gong giet, binne wy ynienen werom anno 1999. Rudolf Huisman, de molkboer út Boalsert is oan ‘e doar. “Dat is no sa handich . Alles wurdt my thús brocht, ja sels oan ‘e tafel ta suver. Ik kin alles by him krije. Wat is dat maklik. Middeis krij ik it iten fan Tafeltje Dekje út Huylckenstein en griente en fruit wurdt ek noch oan hûs besoarge. It is no noch makliker as froeger doe’t it doarp noch fol winkeltjes stie.”Gerben Wijnja (Ut it skiepesturtsje) n.b.Sietske de Jong is in 2002 nei Boalserd gien nei ” it Meniste Skil”.

Bijgedragen door Gerben Wijnja

LAAT EEN REACTIE ACHTER