Tsjerkwert net ûnfertsjinstlik mei Jeu de Pelote

0
619

Tsjerkwert wûn woansdeitejûn 13 juny krekt as Dronryp en Baard de foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens en wie troch nei de earste omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote.

Dronryp kaam op in foarsprong fan 4-1 tsjin Skearnegoutum. Skearnegoutum kaam wer op gelikense hichte, mar úteinlik wûnen de Rypsters dochs mei 8-5. Itselde senario by Tsjerkwert tsjin Wiuwert/Britswert: dêr wie it 4-1 fan Tsjerkwert, mar fiif earsten letter stie it 5-5. Dêrnei pakte Tsjerkwert mei 7-5 dochs de winst.

Freedtejûn 15 juny moasten de Tsjerkwerters wer oan de bak mar Makkum gunde Tsjerkwert gjin earst en wûn mei 8-0. Nettsjinsteande it tsjinfallende resultaat hat Tsjerkwert harsels dochs mar wer efkes op ‘e kaart setten.

LAAT EEN REACTIE ACHTER