Wiebe Koopmans

0
452
Koopmans W.

Wiebe Koopmans als 74-jarige niet meer de jongste, maar mei noch flink wat yn’e bouten” – schudt vaag ,,glimkjend” het hoofd. Vanuit de broeihete woonkamer probeert hij door de beslagen ramen de contouren van de tien meter verderop pronkende Beabuorster Mole te ontwaren.

“Ik wol neat fan dy kursussen foar nije mûnders sizze, begryp my goed: mar in echtenien hat gefoel foar it waar. Soks kin jo net út in boekje helje. In mûnder is krekt in skipper, sis ik altiten. No wol ik net fan mysels opskeppe, mar as in oar tsjin my seit, dat ik in natoertalint bin, dan sil ik him dat net ûntstride”.

Uit de LC van 1-12 -1982

wiebe voor de molen 2
Wiebe Koopmans voor de molen.

Wat dat betreft, zou men bijna denken dat het alleen maar jammer geweest is, dat Koopmans pas op 56-jarige leeftijd door het dagelijks bestuur van het toenmalige waterschap ,,Exmorra” de man werd gevonden om de fraaie ,,Beabuorster” monnikmolen te bedienen. Tot dan was de Hartwerder timmerman geweest. Dat maakte hem voor de heren van het waterschap tot een ideale figuur, tenslotte bezat de ,,Beabuorster” de aanvallige leeftijd van 82 jaar (inderdaad, de molen bestaat dit jaar precies een eeuw) en volgens Bartjens komen dan de gebreken.

De mole wie doe al aardich âld, mar dat jilde foar my like goed. Ik wit noch. bèst, dat de lju tsjin mei seinen: Wiebe jonge, wêr begjinst oan, do bist ommers sawat al sechstich jier. Mar dér ha ik my moai neat fan oanlutsen. Myn hiele libben al woe ik mûnder wurde. As lyts jonkje wie ik der alhiel stapel mei en spaande wat by dy wettermolens om. As-to by  ús yn Hartwird earne yn it lân stiest, en dan ha ik it oer san fyftichsechstich jier werom. dan koesto miskien wol fjirtich fan dy dingen draaien sjen. Soks bliuwt dy by, is’t net sa?”

Dat Koopmans over zowel enige spierkracht als kennis van het opkalefateren van molens beschikt, is hem in zijn zo graag gewilde functie een aantal malen goed van pas gekomen. Hoewel hij door de bank genomen drommels goed in de gaten heeft uit welke hoek- en hoe hard- de wind gaat waaien, heeft hij zich ook wel eens door Aeolus laten verrassen. Zoals die keer in februari, een jaar of tien geleden.

In dikke pok
De wyn wie sûdwest, der like neat oan ‘e hân. Ynienen sjoch ik in dikke pok yn ‘e lof ferskinen. ik tink: no ja, in dikke pok, wat soe it. Mar ik wie noch gjin twa menuten yn ‘e hûs of ik wie der ek al wer út, omt ik it dochs net fertroude. En ja hear, der kaam in stik wyn út, alderferskriklikst. It wie in wynhoas op syn bêst. Alles skodde en die, wylst de wjukken giselen as in gek, Wol fjouwer keur ha ik de fang derop setter, mar hy rûn der gewoan trochhinne. Ik tocht dat it spul yn ‘e brân reitsje soe, want it wie aflegearre reek. Uteinliks bleau-er stean. Minsken, wat wie ik bliid. Der wienen twa âlde minsken, dy’t de mûne besjoen ha, en ek alhiel oerstjoer wienen., Dy- ha ik fan ‘e senuwen fuortstjoerd. Letter begruttet jo dat foar dy lju..”.

Dat Koopmans tijdens dat, de nodige averij opleverende avontuur, bezoekers over de vloer had, is niet zo verwonderlijk. Het gehele jaar door komen mensen van heinde en ver een kijkje bij de ,,Beabuorster” nemen. Koopmans en zijn vrouw vinden dat ,,wol bêst en somitiden wolris gesellich”. In vrijwel alle gevallen, een goede uitzondering daargelaten, zijn het echter klanten, die van molens de ballen verstand hebben. Met molentjes lopen, zogezegd.

Tachtig Kilometer
“De minsken steane der net by stil dat dy wjukken in gang hawwe fan in lytse tachtich kilometer per oere. As in auto dér in tik fan krijt, is dat itselfdie as tsjin in Frambus opknalle. Fan lytse bern kin ik it my begripe, mar fan âlden, – Soms binne se sa eigenwiis as pest. Sa as dy healwize Amerikaan, dy’t kroandea west hie as ik him net krekt op tiid rêden hie. Ik hie him noch warskôge foar de roeden, mar dat siet wol goed. Hy wie dan “engineer”, hy wist wol wat hy die. Mar  krekt doe’t ik efkes net seach, spatte hy de mole ût. Ik nim in sprong en rûgelje sa mei dy man tsjin ‘e flakte. Wat moast no mei sokken?’

Molen Baburen
De Beabuorster Mole.

Dat een rondmalende wiek niet te vergelijken valt meteen strelende vrouwenhand ervoer eens een postbesteller, die toch al wat ,,skruten’ uitgevallen was en slechts met de ogen dicht het smalle pandje langs de tochtsloot durfde af te fietsen. De vergelijking met de postbode, die bang is voor de hond en prompt gebeten wordt, dringt zich op, want toen de molen weer eens in zijn meest gevaarlijke stand stond, werd hij met fiets en al opgetild en in de sloot gekieperd. De besteller kwam er met een imposante blauwe plek op zijn achterste nog goed van af, de fiets daarentegen kon dubbelgehogen rechtstreeks naar de schroothoop. ,,Foar utselde geld waar ik in sun lichtbrûn kistje terecht kommen”. Dat sei dy man eltse kear as hy hjir wer mei tichte eagen delkaam’, glimlacht Koopmans.

Zelf heeft hij trouwens ook eenmaal zijn ogen stijf toegeknepen, toen een meer dan duizend kilo zware wiek tijdens het draaien afbrak en rakelings over Koopmans’ grijze haardos scheerde. Ik bin doe wol knap lilk wurden op it bestjoer fan it wetterskip, want ik hie barren al wit hoe lang lyn sein dat it saakje ferkankere en ynwettere wie. Dat wie doe noch mei it âlde wetterskip, dat wierskynlik ek net safolle jild om hannen hie. Wat dat oanbelanget, ha ik oan it nije bestjoer mear. Do hoechst mar in kikje te jaan, en se binne der”.

Samarfuort
Niet alleen de gezondheid van de honderdjarige molen houdt hij nauwlettend in de gaten, ook die van het klimaat heeft zijn grote aandacht. Koopmans zegt er van overtuigd te zijn, dat het weer en alles wat daarmee samenhangt niet meer is wat het een dikke tien jaar geleden nog was. It is my benammen de lêste jierren opfallen, dat yn’e wintertiid de wyn samar foutfalt. Simmers is soks frij natuerlik, mar om dizze tiid hinne moatst in konstante wyn ha. Ik wit ek wol hoe’t dat komt: luchtvervuiling. Sa wis as de bank”.

Naar Koopmans’ heilige overtuiging is de mensheid al veel te ver gegaan met het uitwalmen van rook en gassen. ,,Der komme hjir wol fan dy minsken en dy sizze: Och. meneer Koopmans, wat ruikt het hier fris en wat kun je ver zien. Mar ik wit dat it better west hat. Datsto de Sédyk dûdlik sjen koest en dat it optilde fan de ljurken. Hoe faak is it net ,,mistich” sa as se dan sizze. Mar it is neat oars as smoargens dat fêst hâlden wurdt troch wetterdamp. De natoer is in tear ding, dér moatst mar goed rekken mei hâlde. As dyn pake wyld en raar libbe hat dan kinsto der wol lêst fan krije”. Mistige toekomst voor honderdjarige Beabuorster Mole?

De toekomst van de molen zal voor een belangrijk deel afhangen van de bereidheid van het waterschap It Marnelân om hem na het ten uitvoer brengen van de ruilverkavelingsplannen in het gebied Wonseradeel-Zuid een ondersteunende functie teo te bedelen. Het waterpeil zal door modern mechanisch pompwerk tot tachtig centimetr beneden het maaiveld verlaagd kunnen worden, volgens Koopmans net niet diep genoeg om de Beabuorster Mole op non-actief te zetten. Ik draai oant in dikke meter ta, dat allinnich foar de pronk hoecht hy lokkich net stean te bliuwen. Sa sil it bestjoer fan it wetterskip it bestean fan de mole aanst miskien noch wat ferdigenje kinne. Want de measte boeren binne wier net sa wyld mei in mole, lit stean mei in monumint, It kostet allinnich mar jild, sizze se, Sels oan sleatten hawwe se in hekel, want dér groeit onimers gjin gers…”

“LESTENDEIS kaam hjir in man, freonlik en neat op oan te merken, mar net sa’n ien dêrsto-fan seist: hé, dat is in nattoerman. Koopmans, sei er, soene jo my it mûnjen ek leare wole? Do wolst sokken net fuort foar de kop stjitte, dat ik frege him oft hy dy moarns ek sizze koe hokfoar waar it middeis wurde soe. No dat koe der einliks net, want hy hie dy deis noch net nei it waarpraatsje lústere…”.

859 Wiebren Koopmans (M)
* 28-03-1908 te Valburg
† 16-04-1989 te Tjerkwerd

860 Hijlkje Jorritsma (V)
* 22-10-1908 te Bolsward
† 15-04-1994 te Tjerkwerd.

LAAT EEN REACTIE ACHTER