Yn de bioskoop: Vogels kun je niet melken

0
920

Troch it debat oer hoe’t it fierder moat mei de boeren, komme in soad minsken foarinoar oer te stean. Mar de film ‘Vogels kun je niet melken’ fan Barbara Makkinga moat just minsken byinoar bringe.

Alteast, dat hopet Jeff de Graaff fan de M&N Media Group dy’t foar de distribúsje soarget fan de film dy’t him foar it grutste part ôfspilet op in pleats by Tsjerkwert. “Het is belangrijk dat dit soort verhalen worden verteld omdat ik denk dat film in die zin verbindend kan zijn. Anders dan dat je alleen mensen hoort praten over de boeren”, seit De Graaff.

It is in portret fan melkfeehâlder Bote de Boer fan Tsjerkwert en syn famylje. De filmers folgen de wrakseling fan De Boer, tusken it behâld fan de greidefûgels op syn lân en it oerlibjen as melkfeehâlder. De kamera siet de famylje en de natuer ticht op ‘e hûd.

“Intiem en open portret”
De film giet oer de spanning tusken ekology en ekonomy en ek wat dat mei de húshâlding docht. De Graaff: “Het is een heel intiem en open portret van een gezin. Ik vind dat ze zich echt heel erg blootgeven. Wat heel bijzonder is en dat voel je ook als kijker in de film.”

Dat de famylje de filmers sa tichtby komme liet wie net fanselssprekkend, seit Bote de Boer: “Dat wie net altiten maklik. Wy tochten earst dat it in natuerfilm wurde soe. Mar der moasten ek wat minsken yn dy’t wat belibben. Dan woenen sy der ek graach by wêze as der ris wat wie.” In besite fan de bank, de ferhuzing fan ien soan nei Portugal en de ambysjes fan soan Jan Jochum dy’t minder by de fûgels as de kij leinen; it komt allegearre foarby.

De film is te sjen yn de bioskoop, sjoch op www.vogelskunjenietmelken.nl en  www.CineSneek.nl  as jo him yn Snits sjen wolle.

Libben om de pleats hinne
It Agrarisch Natuurfonds Fryslân is bot belutsen by sawol de film as de boer. Sy hawwe in grut part fan it fûgeltsjelân kocht en binne noch dwaande om de lêste bunders te keapjen. Dat moat de famylje de finansjele earmslach jaan om fierder te kinnen mei it bedriuw ynklusyf de fûgels. De natuerbylden litte ek hiel goed sjen hoefolle libben der yn en om de pleats sit.

“Trochgean, dat moat”
De Boer hopet dat minsken nei it sjen fan de film mear begryp krije foar de posysje fan de boeren. “Dan sjochst ek wat der allegearre op dy boeren ôfkomt. En hoe’t dat beweecht tusken de húshâlding en it bedriuw. En hoe dreech it is om dêr mei om te gean en troch te gean. Want trochgean, dat moat!”

Boarne: Omrop Fryslân

Greidefûgelgebiet fan Gruttoland Tsjerkwert adoptearje? Sjoch op www.agrarischnatuur fondsfryslan.nl of scan de koade hjirûnder.

Boarne: Veldpost, Moviemeter en Agrarisch Natuurfonds Fryslân

LAAT EEN REACTIE ACHTER