Fan hammer nei Pinne

0
1059
Schukken K1

It begjint der sa stadichoan aardich op te lykjen mei it nije wetterskip It Marnelân.  Op 1 maart e.k. gean in tsiental wetterskippen yn it niis neamde op. It nije wetterskip  it Marnelân omfiemet it gebiet binnen de lijn dy’t men lûke kin fan Frjentsjer de Snitserfeart lâns fia Winsum, Easterlittens oant Reahûs dan op nei Hartwert, Tolhek, Nijlânnersyl. Morrawieltsje, Blauhústerdyk, opfeart nei de Poelen, Flakke Brekken. t Vliet ,Warkum en dan de seedyk lâns nei Hârns.

De tsien wetterskippen dy’t ferdwine binne:

  1. Waarborg (Wûnseraradeel-sùd),
  2. Beveiliging (Noarden fan Warkum en in part fan Wûnseradiel)
  3. Eemswoude
  4. Rytsebuorren,
  5. Koaihuzen,
  6. Gaest-Ferwâlde
  7. Fallingabuorster-polder
  8. Aeltjepolder
  9. Arkum
  10. Hieslum
Schukken K3
Klaas Schukken.

De skriuwersûntfanger fan de tsien wtterskippen de hear Klaas Schukken út Boalswert set der op 1 maart in punt efter. Hy hat fyftjin hier lang de belangen fan de wetterskippen behertige.Want yn it bestjûr fan in wetterskip nimt de skriuwersûntfanger no ienris in wichtich plak yn. Hy moat  der yn it foarste plak foar soargje dat de “ingelanden”op ‘e tiid harren oanslach betelje. De man moat in bulte administraasje dwaan en fierder moat er nei in bulte gearkomsten ta. Dat lêste wie no krekt in hobby fan de no 69-jierrige âld-Tsjerkwerter. Dêrom ferwiksele de hear Schukken it berop fan smid ek foar dat fan wetterskipsman en hy hat der ek gjin tel spyt fan hân.”De earste fiif jier wie ik sawol smid as skriuwersûntfanger, mar dernei ha ik foargoed de smidshammer oan de wylgen hongen.”

Doarpssmidsmederij (9)

De smederij van Klaas SchukkenSa barde it dat Klaas Schukken nei 59 jier Tsjerkwert farwol sei en him oan de Reiner Kammingaleane yn Boalsert nei wenjen sette. Hy krige dêr in kantoar oan hûs. Schukken wie dus it grutste part fan syn libben in Tsjerkwerter. Syn heit hie dêr ek in smidse en doe’t Klaas 27 jier wie, naam hy it bedriuwke oer. As men smid yn in lyts doarp wie besjutte soks, dat men hynders beslaan moast, fytsen makke, kachels reparearje, mar dernjonken moast men ek mei in bulte oare saken goed op’e hichte wêze. Men wie tagelyk ek wetterfitter, elektrisien en yn Schukken syn gefal hulpmonteur fan it PEB. Dat lêste wie er 40 jier lang. Wat it PEB baantsje oanbelanget kin de hear Schukken noch wol it ien en oar foar de geest krije. “Ik wie altyd hastich”, sa fertelt er.”It wie op in moarn foar melkerstiid, doe’t boer Fokke de Boer skille, dat er sûnder ljocht siet. Ik klaaide my hastich oan en gie op in draaf nei de buorkerij, dy’t in kilometer fierderop lei. Doe’t ik der kaam hie de boer de klean noch net iens oan.”

Tomin
Dat Schukken in bulte fan fergaderjen hold, docht bliken úr it feit, dat hy al rille gau yn it bestjoer fan de Friese Smedenbond siet. It wie foar him in hobby om de minsken fan it fak te fertellen, hoefolle hja yn it ûre skriuwe mochten.”Guon skreaune temin en fertsjinnen dêrtroch net genôch”, seit de âld-Tsjerkwerter smid.  De hear Schukken, waans broer yn Boalsert in saak yn meanmachines opboude, seit, dat hy der altyd nei stribbe hat de boekhâldings fan de smeden te ferbetterjen. It earelidmaatskip fan de Nederlandse Smedenbond dat him takend waard, ropt herinneringen op oan dy tiid. Mar dat is net it ienischste, dat him tinken docht oan de smidstiid, want de gevel fan syn went te Boalsert wurdt opsierd in selsmakke embleem, dat in smidshammer en in pinne foarsteld, dy’t ferboun binne middels in trep. Fan hammer nei pinne dus.

J. Weerstra.

1672 Klaas Schukken (M)
* 03-01-1907 te Tjerkwerd
† 13-02-1988 te Heerenveen


Klaas Schukken seit wetterskippen farwol
K 28-8-76

LAAT EEN REACTIE ACHTER