Grandioaze foarstellings Iepenloftspul De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…

0
4051
It Wetterskip voor de molen. Foto Niels de Vries
It Wetterskip foar de mole. Foto Niels de Vries

Wat mear as tsien jier lien begie as dream waard ôfrûne sneon 17 en snein 18 juny dan echt werklikheid. Unyk lokaasje-teater by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert.

‘It binne dreamen famke! Jonkje. Mejuffrouw! Woeste wylde dreamen!´

Wyberen, Hyke en Wybrigje foar de mole. Foto Karin Harkema

 

Mei corona der tuskentroch hawwe wy in lange oanrin hân. Nei mear as trije jier tariedings gie it dan dochs oan! It stik betocht troch Jan Nota en Jan Witteveen en bewurke troch Romke Gabe Draaijer waard opfierd.

Wybrigje foar it húske, Wyberen en Hyke op ‘e eftergrûn. Foto Jan Witteveen

 

Mear as as fiifentweintich partijen soargen der mei harren stipe yn jild as materialen foar dat it mooglik wie. Yn it foar en rûnom de foarstellings wiene der in protte helpers aktyf. Dekôrstikken en tribune opbouwe, it ferkear begeliede, materialen leverje, sopsiede, efter de bar, tefolle om op te neamen.

‘Eltse stim, elts lyts radarke yn in goeie klok, helpt mei om de tiid oan te jaan.’

It korps Eensgezindheid en spilers op ‘e molepôle. Foto Karin Harkema

 

Wat hawwe wy twa grandioaze foarstellings hân. Kompleet útferkocht. Dat wol sizze mear as 640 besikers oer twa foarstellings ferdield. En soepele útfierings wêr’t alles krekt op syn plak foel sa as yn it foar betocht troch regisseur Hillie Altenburg, diriginte Jeanette Valkema en de kommisje.

Beide dagen wie der in gesellige neisit op en top fersoarge troch ’t Waltahûs mei al har frijwilligers. It waar koe net better, lekker waarm en sels de wyn joech him ûnder de útfierings del.

Boeren, striders en Caspar de Robles. Foto Niels de Vries

 

Mear as tweintich spilers fan jong oant âld skitteren op it toaniel. Sa ek de muzikanten fan fanfare Eensgezindheid. Der wie in machtich moai publyk wat goed yn it ferhaal siet. En de super strakke organisaasje soarge derfoar dat alles soepel ferrûn.

Regisseur Hillie Altenburg en ien fan de betinkers Jan Witteveen foar de môle. Foto Simon Bleeker

 

Yn it foar waard der troch de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad positive oandacht skonken oan dit barren. Lykas de resinsjes nei de tiid wêr’t wy goed oer te sprekken binne.

De kommisje besteande út Jan Witteveen, Jan Nota, Epie Wijngaarden, Wieko Hekkema, Ekerina Bootsma, Anita Hekkema en Agatha Witteveen. Foto Karin Harkema

 

We sjogge werom op in geweldich evenemint. We hawwe mei alle spilers en helpers wat ûnferjitliks delsetten. Einliks net te beskriuwen. Tankewol allegear.

Video Erik Leyder Havenstroom

 

Jierren lyn hiene wy it der al ris oer. Wat soe it dochs moai wêze lokaasje-teater út te fieren by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. Wy hawwe der wurk fan makke en in moai Frysktalich stik skreaun.

Ynspiraasje
By it skriuwen fan it stik hawwe wy in soad gebrûk makke fan besteand wurk. Besteand wurk fan en oer bygelyks âld-mealders Pier Zijsling en Wyberen Koopmans. Wurk fan Gerben D. Wijnja en Jouke Hylkema. In soad fan dit wurk is te finen op de webside www.tsjerkwert.nl. Derneist hawwe wy ynspiraasje opdien út besiten oan de mole en it gebiet derom hinne.

Sjueryrapport Gouden Gurbes 2023

De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…

Konsept en research Jan Nota & Jan Witteveen
Tekst en bewurking Romke Gabe Draaijer
Rezjy Hillie Altenburg
Wybrichje Marije Nota
Wyberen en Hyke Sjoerd Bouma en Anneke Speerstra
Casper De Robles Jelle van der Weide
It Wetterskip Hinke Bouma, Sietske Lukkes en Lutske Schakel
Heit Jan Nota
Juf Lisette Kootstra
Skoallebern Jesse Wijngaarden, Jilke Nota, Riemer Ouderkerken, Lotte Baints, Elbrich Teppema en Sophie Oosterwoud
Boeren Yde Schakel, Wiebren de Jong, Sjoerd K Bakker en Wieger de Jong
Striders Floor Mertens, Wiebren Poelstra, Jelle Zijsling en Jelle Zijsling
Goreografe dûnsers
Janita de Jong
Dûnsers Marrit Bakker, Elke Tilstra, Yldau Kootstra, Lena Tiesma, Hester Folkertsma en Benthe Ouderkerken
Grym Henriëtte, Harmke, Jantine, Trudi en Dirkje
Muzykferiening
Eensgezindheid
Under lieding fan Jeanette Valkema
Alle frijwilligers dy ‘t, op hokker wize dan ek, harren meiwurking ferlient hawwe.
Tank oan de famylje Galama, famylje Hylkema en famylje Zijsling foar it beskikber stellen fan harren lân. En tank oan stichting De Fryske Mole en mûnders Jentje van der Stap en Gerben D. Wijnja foar de lokaasje.

 

Foar fragen kinne jo in mail stjoere nei janohyke@gmail.com.

Mear iepenloftspullen? Sjoch op iepenloftspullen.nl

Mei mooglik makke troch / mei meiwurking fan
logo-provincie.png
LAAT EEN REACTIE ACHTER