Oer it iepenloftspul
Jierren lyn hiene wy it der al ris oer. Wat soe it dochs moai wêze lokaasje-teater út te fieren by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. De poldermole dy’t al jierren ynsetten wurdt yn de striid tsjin it wetter en sûnt 1882 pronket op buorskip Beabuorren. Wy hawwe der wurk fan makke en in moai Frysktalich stik skreaun.

Ynspiraasje
By it skriuwen fan it stik hawwe wy in soad gebrûk makke fan besteand wurk. Besteand wurk fan en oer bygelyks âld-mealders Pier Zijsling en Wyberen Koopmans. Wurk fan Gerben D. Wijnja en Jouke Hylkema. In soad fan dit wurk is te finen op de webside www.tsjerkwert.nl. Derneist hawwe wy ynspiraasje opdien út besiten oan de mole en it gebiet derom hinne.

De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…
KONSEPT/RESEARCH: JAN NOTA & JAN WITTEVEEN
TEKST/BEWURKING: ROMKE GABE DRAAIJER
REZJY: HILLIE KETELAAR

Organisaasje
Om de organisaasje yn goede banen te lieden is in kommisje gearstald. Dizze kommisje bestiet út Jan Nota, Wieko Hekkema, Epie Wijngaarden, Ekerina Bootsma, Agatha Witteveen, Anita Hekkema en Jan Witteveen. Derneist binne der noch in hiel soad oare belutsenen. Foar fragen kinne jo in mail stjoere nei janohyke@gmail.com.

Kaartferkeap ticketkantoor.nl/shop/tsjerkwert

Mear iepenloftspullen? Sjoch op iepenloftspullen.nl

Nei it iepenloftspul

Mei mooglik makke troch / mei meiwurking fan

X