Nachtkeatsen K.F. De Twa Doarpen 3 septimber

0
394

K.F. De Twa Doarpen organisearret Nachtkeatsen & Volleybal. Op sneontejûn 3 septimber om 20.00 oere is der keatsen. Om 21.00 oere volleybal. Leden en net-leden kinne meidwaan as sy op 1 jannewaris 2022 14 jier as âlder binne. De ynlis is 3 euro en meidwaan is op eigen risiko.

De partij wurdt stipe troch ECOhûs Fryslân | Bouwen voor de toekomst. Opjaan foar it keatsen kin oan’t tongersdei 1 septimber om 20.00 oere by ien fan’t bestjoer as fia de app! Opjaan foar it volleybal kin by Auke Walsma (06-53612835).

It bestjoer hopet op in soad dielname en in gesellige jûn. Fanôf 21.00 oere binne der broadsjes hamburger en saté te ferkrijgen. Oant sneontejûn!

Mei sportive groetnis,
Bestjoer K.F. De Twa Doarpen

Auke Walsma, Femke Boonstra, Thomas Huitema, Michiel de Jong, Jan Hessel de Groot, Hotske Burghgraef en Ype Bote Bonnema

LAAT EEN REACTIE ACHTER