Ride op Thialf!

0
1320

Krekt as ferline jier wolle we ek dizze winter wêr trije kear te riden op Thialf mei de jeugd fan Tsjerkwert. Ek alle leden fanôf 16 jier bin hjir foar útnoege. De datums binne snein 19 jannewaris, 2 febrewaris en 23 febrewaris.

Foar de jeugd oan-te-mei 15 jier is de entree gratis! Dat is te tanken oan Wynkrêft 10, dy de entreejilden foar de jeugd foar har rekken nimt. De leden fanôf 16 jier betelje 8,50 euro per kear.

De bedoeling is om dizze sneinen eltse kear om 09.15 oere fanôf it parkearterrein efter skoalle nei Thialf te riden. De baan is iepen fanôf 10.00 oere; om ± 12.00 oere geane wy wer nei hûs. Fansels hoege je net eltse kear mei, je kin ek kieze foar ien of twa kear.

As jo/jimme mei wolle, skilje, maile of appe nei Pier Jan Zijsling. Syn mail is pierjan_zijsling@hotmail.com en it tillefoannummer fan Pier Jan is 06-13963213. It tagongsjild graach foar fertrek by skoalle mei past jild betelje. Dat kin oan Pier Jan of ien fan de oare bestjoersleden fan de iisklup.

Foar bern dy noch net self reedride kin, graach self soargje foar in begelieder.

Wy hoopje op in soad dielname en wêr in pear moaie riderssneinen!

It bestjoer fan Iisklup Tsjerkwert

LAAT EEN REACTIE ACHTER