Tige slagge weromsjen Iepenloftspul (sjoch de film)

0
425

Op snein 24 septimber kamen hast 80 dielnimmers spilers, muzikanten en helpers byinoar foar in gesellige gearkomste yn ‘t Waltahûs te Tsjerkwert.

‘Eltse stim, elts lyts radarke yn in goeie klok, helpt mei om de tiid oan te jaan.’

Mei mear as hûndert toppers hawwe wy op 17 en 18 juny dit jier wat bysûnders delsetten. It Iepenloftspul De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…, fantastysk!

Slagge weromsjen
Om 17.00 oere stie der in sjineeskbuffet foar ús klear. Dit smakke poerbêst en der waard mei in soad wille weromsjoen op it barren. Moaie foto’s fan Karin Harkema wiene te sjen op it skerm en de fideo opnamen makke troch Erik Leyder Havenstroom waarden draait. It wie in tige slagge en gesellich weromsjen.

De film sjen?
Hjirunder en op www.tsjerkwert.nl/iepenloftspul is de folsleine film te besjen. Lykas in oantal moaie foto’s, eftergrûn ynformaasje, stikken út de krante en oare saken.

Hawwe jo ynteresse foar in fotoboekje? Lit it efkes witte oan de organisaasje.

LAAT EEN REACTIE ACHTER