1e lustrumútfiering G.V. Tsjerkwert-Dedzjum

0
790

It 5-jierrich bistean fan de G.V. Tsjerkwert Dedzjum under It embleem T.D. hat mei in daverjende útfiering akte de presence joen yn De Harmonie’.

Bolswarder Courant 4/4/1967

Dit feest begoun mei in flaggegroet foar de doarpsgenoaten. Neidat It klupliet songen wie en de massale opmars hâlden, kaem de foarsitter nei foarren, de hear P. Zijsling fan Beabuorren. Hy memorearde de âfroune 5 jier en foun it spitich dat de âldere ,,Hearen” it hwat sitte lieten, mar de Jeugd wie bést fertsjintwurdige. Dit is in goed teken, hwant hwa’t de Jeugd het, het ek Takomst.

It gehiel stie ûnder lieding fan – juff. Reitsma en de hear Van Wieren. Doe waerden de trossen losgooit en koe it doarpssirkus begjinne. Yn in echt sirkustempo waerd alles ôfwurke. it program bestie út in 20-tal nummers. snel in heal oere “pauze”.

It soe tefolle plakromte fergje om op alle nûmers yn to geaen. Lit ús folstean mei inkele hichte punten. Dit wie ûnderoaren de ,,Tiroler Dans’ trochs famkes- fan’ 12 en 13 jier. Dit waer – mei de nedige swier brocht en wie knap yn studearre Doe de brège-Ûngelyk wie in aardich ûnderdiel, al gie it net sûnder mankeminten. De lytse beukers kamen mei de ,,Brug-Bank goed foar ‘t ljocht en weard mei de brike setten faak tige om lake. fral de ntemmen en de seal  hiene soms hâlden en kearen. Mar lokkich stie juf der by, sadat der gjin ûngemakken kamen De hear Van Wieren hat sels noch in demonstraasje jown oan it ,,Rek”. Ek de’ oare hearen lieten har fan de béste kant sjen. It kastspringen wie ek aardich, sjoen de beheinde romte dêr’t op arbeide wurde mast. Koartom it gehiel wie goed fersoarge.

Nei ôfrin wiene der blommen foar Juf Reitsma mefrou Van Wieren en mefrou Weisstra wol fertsjinne en goed toplek. Doe soene we dounsje. De foarsitter hie alle gear tanke, may hy sei: nou ha ik noch is ding en dat is:.ús leger hat in greate demonstraasje joen yn dizze omkriten. Hja frege ôm De Harmonie’. Nei tolven ha wy tasein, dat sadwaande . . . 12 ûre moat de seak der út wéze. Wol spitich, mar ja, de greate mannen binne beas!

In inkeling sei Ha, ha,  ien april. Mar Pier syn mop wie kostlik en op in lakonike manier forteld, sadat der in protte ynroun. Der is noch tige dounse, De ,Frisian Band” fan Warkum hie de stimming der goed yn. En G.V. Tsjerkwert-Dedzjum kin op in lustrumútfiering weromsjen, dy’t oer alle boegen slagge is. Ek de ferlotting.

LAAT EEN REACTIE ACHTER