Jiergearkomste 1966

0
1029

Want op tiisdei 20 dec. 1966 hâlde dizze feriening ûnder betûfte lieding fan hear Pier Zijsling harren jiergearkomste yn de Harmonie to Tsjerkwert. 

Goed 8ûre koe Zijsling de gearkomste iepene mei in wurd fan wolkom. Fuort dernei krige de skriuwer it wurd de hear Hein Gietema, mei de notulearingen. It die bliken dat de feriening wol aktyf west hie. Doe. kaem de skathâlder, de hear A van Lingen, op it aljemint. Dat de ûtjeften  great binne kin jo fan tinken hast wol ha. Dochs wie der noch in lyts batich saldo aardich wie to konstatearjen, dat ek de lytse jeugd presint wie en dy is dochs de takomst, By de bistjûrsforkiezing wie de hear A van Lingen ôfgeand. Yn ‘t plak fan van Lingen is no de hear Jan Bakker kommen..

Mefr. Huitema weard mei algemienie stimmen wer keazen. De foarsitter brocht tank oan de hear van Lingen fear syn akkuraat behear en alle wurk dat dizze fear de feriening dien hat.
Mefr. Schukken memorearde de ôfroune fiif jier en sei doe’t. de feriening oprjochte weard, sieten master Grijpsma en mefr. Ds. Kolle-Dijkstra  yn it bistjûr. Spr. hope dat dizze minsken de feriening net foar teit oprjochte  ha. Der is bisletten om dit seizoen  wer in útfiering to jaen. Mar de tredde graetsoefeningen dat sil der wol om spanne mei sar beheinde romte, Wol hopet  it bistjûr, dat der ûnder de âldere jeugd noch wol genôch minsken blinnne, dy’t wol lid wurde kinne.

Minsken tink hjir ris oer nei. Jim dogge it bistjûr dat it dochs al net makklik hat, der in greate deugd mei. Want dit is foar de lichamelike tastân in ding fan great bilang. Sport is altyd kreatyf arbeidzje foar ien doel.

Ek Sille dit jier iver feardichheitsproeven hâlden  wurde, De g.v. Tsjerkwert-Dedzjum oefent ûnder it Boun fan  de K.N.G.V,.B. ‘Sa kin men wer sjen dar der yn in lyts doarpke noch wol mooglikheden binne, teminsten as se net ûnmooglik makke ‘wurde, It bistjûr, bystiet ut: de hear Pier Zijsling, foarsiter, Jan Bakker, skathâlder Hein Gietema, skriuwer, mefr. Huitema en mefr Gietema bistjûrsleden.

LAAT EEN REACTIE ACHTER