UTFIERING 1972

0
399

UTFIERING GYMNESTYKFORIENIGING – TSJERKWERT-DEDZJUM 1972

Bolswarder Krante fan 21/3/72 

TSJERKWERT. Sneon to joun wie It foar de gymnasten fan ús doarpen in wichtich momint.

Oerladen mei senuwen kamen de 80 leden fan ‘e aktive feriening op it behindich poadiumke fan  ‘de Harmonie´. Foarsitterscoach P.Zijsling iepene it ,,sa fluch as wetter”-feest en mei liedster juffer Huisman fan Bolswert slagge hy deryn de joun flot forrinine to litten. Eltse groep krige twaris de kâns om de hannen fan it publyk op inoar to krijen en dat slagge tige. Bynammen de kleuters brochten harren sprookje mei ferve, De oanklaaiïng fan ‘e bern wie tige slagge, bynammen de wolf like wol ,,echt”. De dames hiene ek eksoatyske dounsen ynstudearre. 

De jongen’s en famkes fan ‘e tuskengroepen wiene ek allegearre linich as lekken en lange matte, brêge en ringen, hiene hast gjin geheimen mear, foar de jeugd. Yn it skoft weard de ferlotting hâlden, Nei de likernôch 20 programma-punten waerden juffr Huisman en mefrou Weistra noch efkes yn ‘e blommen set. It to lytse oantal taskôgers gyng optein nei hûs. It trio ,,seven side” soarge fear de dounsmusyk.

LAAT EEN REACTIE ACHTER